Ekstra slûs by Starum

© Omrop Fryslân
Der komt in ekstra slûs by Starum en it Polderhoofdkanaal by Nij Beets wurdt definityf befarber makke foar de plesierfeart. De provinsje hat de beide projekten opnommen yn it Fryske marreprojekt.
Op koarte termyn wurdt begûn mei de oanbesteging fan it wurk. De provinsje kin sa noch profiteare fan subsydzje fan it Ryk, de saneamde kompasjilden. It Polderhoofdkanaal moat yn july 2008 befarber wêze.