Boete losrinnende hûn omheech

© Omrop Fryslân
De boetes foar losrinnende hûnen binne yn de gemeente Ljouwert flink omheech gien. In losrinnende hûn op de iepenbiere wei kostet de eigner no fyftich euro, ynstee fan tritich euro.
Rint de hûn op bygelyks in boartersplak, dan is de boete fiifensantich euro. Ek it taryf foar it net opromjen fan hûnestront is ferhege fan tritich nei fiifensantich euro. De gemeente Ljouwert stelt de tariven ien kear yn de twa jier by.