Schaaf wer iepen foar publyk

11 jan 2006 - 05:53

De aktiviteiten yn Muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert kinne wer trochgean. De plysje hat it gebou frijjûn. Moandei waard yn it muzyksintrum in grutte himpkwekerij oprôle. De planten sieten yn ûntagonklike romtes by de kontrôlekeamer en boppe it poadium.

De twa eigners en de meiwurker sitte noch altyd fêst. Foar dûnsskoaleigner Saco Velt kaam it berjocht as in skok. Velt lit syn klanten al 24 jier lang ôfdûnsje yn Sealen Schaaf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)