'Feefoer genetysk manipulearre'

© Omrop Fryslân
Feehâlder Thom de Groot fan Grou stelt fragen oan de Keamerkommisje fan Lânbou. Der wurde hieltyd mear genetysk manipulearre grûnstoffen yn feefoer ferwurke, fynt er. Hy tinkt dat in soad feehâlders en konsuminten dat net witte. Der moat bettere ynformaasje komme oer de yngrediïnten fan feefoer, fynt De Groot. Ek moat it Produktskip Diervoeder fêstlizze der gjin genetysk manipulearre grûnstoffen yn feefoer fan de biologyske sektor sitte.