Walfiskbyld werom nei Waadsee

10 jan 2006 - 16:44

It byld fan de walfisk komt werom nei de Waadsee. It byld stie by de Holwerter daam en waard fiif jier ferlyn stikkenfearn troch in fearboat. It kapotte byld waard yn Harns opslein, mar wurdt no lang om let weromset.

Anne Woudwyk makke it byld yn 1993 op fersyk fan rederij Wagenborg. Wêr't it krekt komt te stean, is noch ûnbekend. It komt yn alle gefallen fierder út de fargeul wei as foarhinne, om nije oanfarrings foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)