Brede skoalle dochs by swimbad?

© Omrop Fryslân
De brede skoalle by it swimbad yn Wommels krijt dochs noch in kâns. Der komt in ûnôfhinklik ûndersyk, sa hat de gemeenteried besletten. Dêrmei fersmyt de ried it beslút fan B en W dy't al keazen hiene foar in oar plak foar de skoalle.
It swimbadbestjoer wol de nijbou fan de skoallen kombinearje mei in nij swimbad. It ûndersyk duorret twa moanne. Nei de gemeenteriedsferkiezings wurdt der dan fierder oer praat.