It Amelân jout Maderbylden werom

10 jan 2006 - 16:27
Foto: Omrop Fryslân

De bylden fan de Mantgumer keunstner Hein Mader komme net werom yn de tún fan it gemeentehûs fan It Amelân. Yn desimber waarden dêr trije bylden meinommen troch de Aldjiersploech Nijegea. De bylden kamen Nijjiersdei wer foar it ljocht.

Foar de gemeente wie de stellerij reden om de oare bylden ek fuort te heljen. Se soene eins noch in skofke yn de tún fan it gemeentehûs stean bliuwe, mar dat giet no oer.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)