Soad nije wenten Frjentsjer

© Omrop Fryslân
By Frjentsjer wurde in grut tal nije wenten boud. De huzen binne ûnderdiel fan it nije wen- en rekreaasjegebiet Frjentsjer Súd. Der is romte foar mei-inoar 625 huzen yn in soad grien. De huzen stean oan iepen farwetter mei in ferbining mei it Van Harinxmakanaal.
Der komme in fjouwertal wenbuerten. Nei ferwachting wurdt ein 2006 begjin 2007 út ein set mei de bou fan de earste wenten. Net alle huzen wurde tagelyk boud. Der wurdt boud yn fazen.