Jonge oerfallen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is moandei in 16-jierrige jonge oerfallen en mishannele. Hy fytste oer de Idzerdastins yn de wyk Camminghabuorren doe't trije jonges him tsjinhâlden. Se setten syn fyts op slot, pakten him de fytskaai ôf en rûnen doe fuort.
Letter kamen se werom en mishannelen en bestielen se him, ûnder oare fan syn húskaaien. De trije fertochten hawwe in licht-donkere hûdskleur en binne achttjin of njonggentjin jier.