Trije oanhâldings yn Bûtenpost

10 jan 2006 - 10:14

De plysje hat sneintenacht trije jongeren oanhâlden yn Bûtenpost. Twa jonges fan 17 jier dy't troch de Kerkstraat rûnen, makken in soad leven en gedroegen har balstjurrich. In 18-jierrige Bûtenposter melde him op it buro om't er syn fytskaai kwyt wie.

Doe't er net mei in taksy fuortgean woe, is er op it buro oanhâlden. De man wie ûnder ynfloed fan drank en hat syn roes op it buro útsliept.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)