Oare opstelling nedich yn MCL

10 jan 2006 - 10:11

It persoaniel en de lieding fan sikehûs MCL yn Ljouwert moat him noch better ferpleatse yn de posysje fan de pasjint. Dat is nedich om mear jild te krijen, seit bestjoersfoarsitter Wander Blaauw fan Soarchgroep Noorderbreedte, dêr't it MCL diel fan is.

It MCL komt yn dizze posysje troch de ynfiering fan de merkwurking yn de soarch. Dêrtroch krijt it sikehûs gjin fêst budzjet mear, mar wurdt foar eltse behannele pasjint betelle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)