Auto oanstutsen yn Ljouwert

10 jan 2006 - 09:56
Foto: Omrop Fryslân

Der is sneintenacht besocht in auto yn de brân te stekken yn de Curaçaostrjitte yn Ljouwert. Nei alle gedachten is der earst in floeistof op de motorkap spuite. Allinne de lak is fan de auto ôfbaarnd. De plysje ûndersiket de saak.

In pear moanne ferlyn waarden geregeld nachts auto's yn de brân stutsen yn de Ljouwerter wyk Huzum-West.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)