Diel boete Skarsterlân betelle

© Omrop Fryslân
Fersekeringsmaatskippij Centraal Beheer betellet in diel fan de skeafergoeding dy't de gemeente Skarsterlân betelje moat oan sirkus Renz. It sirkus mocht yn april 2001 gjin foarstellings fersoargje yn de gemeente fanwege de tongblier. Dêr wie earder wol in fergunning foar ferliend.
It sirkus woe fan de gemeente in skeafergoeding hawwe en krige dêr fan de rjochter gelyk yn. It giet om in bedrach fan 16.000 euro.