Tekoart foar iisbaan Skylge
De organisaasje efter de tydlike iisbaan op Skylge hat noch in tekoart fan 20.000 euro. Snein is de iisbaan by de fjoertoer Brandaris nei 14 dagen tichtgien. Meiinoar hawwe der 5000 besikers west. Dat wie de helte mear as tocht. Probleem wie lykwols it tal sponsors.
Der wie rekkene op in bydrage fan 150 euro fan ek sawat 150 sponsors. Dat doel is lykwols lang net helle.