1300 krystbeammen ynsammele

10 jan 2006 - 09:44

De ynsamling fan krystbeammen yn Achtkarspelen hat dit jier in rekordtal opsmiten. Mei elkoar waarden sawat 1300 beammen ynsammele, hûndert mear as ferline jier.

Hast alle krystbeammen binne ophelle troch bern fan de basisskoallen. Se krigen der in bon foar, dêr't se in priis mei winne kinne. Troch dizze wize fan ynsammeljen binne mar in hantsjefol krystbeammen by it gemeentlik stoart brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)