Pelikaan wer yn Artis

10 jan 2006 - 09:38

De pelikaan dy't ferline wike opdûkte yn Fryslân, is werom yn bistetún Artis yn Amsterdam. De fûgel wie dêr mids oktober fuortflein, wêrnei't er ferline wike yn Hylpen sjoen waard. Dêr soarge de pelikaan foar frijwat ûnrêst yn in lytse einefiver. Fersoargers fan Artis koene de fûgel fange, omdat it bist bot ferswakt wie.

Om foar te kommen dat de pelikaan noch ris útnaaie kin, hawwe syn fersoargers him in bytsje koartwykt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)