Frysk bedriuw nei Amsterdam

10 jan 2006 - 09:36

Produsint fan kompjûterprogramma's Asset Control út Beetstersweach iepenet in festiging yn Amsterdam omdat der yn Fryslân gjin kwalifisearre persoaniel te finen is. It bedriuw hat op koarte termyn tweintich minsken nedich, mar dy binne yn Noard-Nederlân net te finen.

Dêrom hat de direksje lang om let besletten in festiging yn Amsterdam te iepenjen. Asset Control hat meielkoar sawat tachtich minsken yn tsjinst, wêrfan't sechstich op 'e Sweach wurkje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)