Undúdlikens oer takomst Schaaf

10 jan 2006 - 09:34

It is noch net dúdlik oft Muzyksintrum Schaaf wer iepen kin op koarte termyn. Dat seit boargemaster Dales. Moandei waard oan de Breedstrjitte yn Ljouwert in grutte en profesjonele himpkwekerij oantroffen. Beide eigners en in tredde man binne oppakt.

De besikers fan Schaaf hawwe nei alle gedachten grutte risiko's rûn troch de kwekerij. Troch de ûnfeilige elektrisiteit wie der grut brângefaar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)