Nijenhuis wint 1000 meter

09 jan 2006 - 13:58

Beorn Nijenhuis hat op de twadde dei fan it NK sprint yn Assen de 1000 meter wûn. Op 'e 500 meter kaam er net fierder as in 7de plak. Yn it algemien klassemint waard Nijenhuis tredde. Hy pleatste him dêrmei foar it WK sprint oer twa wike op Thialf.

Stefan Groothuis wûn de nasjonale sprinttitel. Twadde waard Gerard van Velde. Erben Wennemars hat him mei in fjirde plak net kwalifisearre foar it WK. Jan Bos hie him al earder pleatst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)