Jeugdtraumasintrum yn Ljouwert

09 jan 2006 - 12:05

Bern dy't tsjûge of sels slachtoffer west ha fan geweld, wurde fan maart ôf holpen yn Ljouwert. Oan de Troelstrawei dêr't no de Vrouwenopvang Fryslân sit, wurdt in traumasintrum ynrjochte, it Kinder- en Jeugdtraumasintrum.

It sintrum is bedoeld foar bern en jongeren oant 23 jier dy't húslik geweld sjoen hawwe of sels slachtoffer binne fan seksueel geweld. De bern wurdt frege om mei tekenjen en spul traumatyske erfarings te uterjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)