Hûnderten fans foar Huntelaar

09 jan 2006 - 11:23
Foto: Omrop Fryslân

Klaas Jan Huntelaar hat snein foar hûnderten fans syn earste training by Ajax ôfwurke. By de Arena wiene stekken nedich om de fan Hearrenfean oernommen spits en de oare Ajax-spilers nei it trainingsfjild te lieden.

Huntelaar waard yn de lêste wike fan desimber foar 9 miljoen euro kocht troch Ajax. Yn syn lêste wedstriid foar It Fean op 30 desimber skoarde de spits noch tsjin Ajax. 2 Febrewaris spilet er wer yn Hearrenfean, mar dan foar Ajax.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)