Van der Veen maratontitel kwyt

09 jan 2006 - 11:22

It is Bert Jan van der Veen fan 'e Jouwer snein net slagge om foar de tredde kear de nasjonale maratontitel te winnen. Hy siet earst wol by in kopgroep fan 18 riders, mar nei in besykjen om te ûntsnappen wiene de krêften fuort en moast er him ôfsakje litte. Hy waard yn Den Haach 18de.

De oerwinning gie nei Arjan Smit. Yn de einsprint fan de 17 man sterke kopgroep bleau er Jan Maarten Heideman en Joost Vink krekt foar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)