Oanpak oerlêst Ljouwert helpt

09 jan 2006 - 09:39

De oanpak fan oerlêst yn bepaalde wiken yn Ljouwert docht fertuten. Neffens boargemaster Dales binne tsientallen minsken op har gedrach oansprutsen en 25 dêrfan binne rêstiger wurden, ferhuze of út har wenning set.

De gemeente wurket gear mei de wenningkorporaasje. Dy skriuwt brieven nei de amokmakkers en at dy net ophâlde wurdt úteinlik it hierkontrakt ûntbûn. Dales hat sels in pear kear de wiken yn west en dat hat neffens him ek holpen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)