Gouden Fioeltsje foar Slagter

08 jan 2006 - 15:30

Musikus Jacob Slagter hat freedtejûn it Gouden Fioeltsje krigen yn De Harmonie yn Ljouwert. Slagter krige dizze kultuerpriis foar syn jierrenlange ynset foar de Fryske muzyk. De priis wurdt ien kear yn de trije jier útrikt.

De Fries om utens is al jierrenlang hoarnist by it Keninklik konsertgebou-orkest yn Amsterdam. Ek is hy dirigint. Hy dirigearre dit jier by it Frysk Streektalekonsert. De sjuery wie unanym yn de kar foar Slagter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)