Acht wurknimmers Prins nei DMF

08 jan 2006 - 13:33

Acht wurknimmers fan Prins Dokkum dy't fanwege in reorganisaasje dien krigen ha, kinne wer oan de slach. Net by Prins sels mar by it Dokkumer Masinefabryk, DMF. Dat bedriuw sit op itselde terrein en is pas op 1 jannewaris begûn.

It giet om wurknimmers dy't by Prins ek yn de masinefabryk wurken. Koartlyn moasten 100 fan de 150 wurknimmers fan Prins opstappe. Der wie te min wurk by it bedriuw dat û.o. fangrails makket.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)