Treinebeurs op De Jouwer

© Omrop Fryslân
Se wurde somtiden foar hûnderten euro's ferkocht: collectors items op in treinebeurs op De Jouwer. Treinen, rails, hûskes, popkes, alles wat mar te krijen hat mei it modelspoar wie sneon te krijen yn it Haske.
Ut it hiele lân wei kamen treintsjegekken nei De Jouwer ta. Tsjintwurdich wurdt fia ynternet ek in soad twaddehâns guod ferkocht, mar yn de modeltreinewrâld is dêr noch net folle fan te fernimmen.