Okeepas yn fiif gemeenten

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan fiif Fryske gemeenten kinne tenei mei koarting ynkeapen dwaan. Dat bart mei in saneamde Okeepas, te keap foar 12,50 euro. De pas wurdt ferspraat yn Dongeradiel, Ferwerderadiel, Dantumadiel, Achtkarspelen en Kollumerlân.
Yn Noardeast-Fryslân bestiet ek al in Lauwerspas, dy't koarting jout foar minsken mei in útkearing. De Okeepas is bedoeld foar in bredere doelgroep.