Stiennen gymnastyksealen stikken

07 jan 2006 - 16:59

De gymnastyklokalen yn Boelensloane en Gerkeskleaster/Stroobos ha troch de froast fan de ôfrûne tiid skea oprûn. Troch de grutte temperatuerferskillen binne in soad bakstiennen yn de bûtenmuorren stikkenbarsten.

De stiennen wiene troch de kjeld bot kâld wurden. Doe't de temperatuer omheech gie, waarden se waarmer. Trochdat der focht ynsiet, sprongen de stiennen ut de foegen. De gemeente Achtkarspelen sil de stiennen ferfange.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)