Bonnemalegaat bliuwt geheim

07 jan 2006 - 15:41
Foto: Omrop Fryslân

De tekst fan it Bonnemalegaat wurdt net iepenbier makke. Kommissaris fan de keninginne Nijpels, foarsitter fan de stifting dy't it legaat beheart, wol dat net. Bonnema stelt 18 miljoen euro beskikber foar in nij Frysk Museum as dat op it Saailân komt.

Fan de krekt oprjochte 'Inisjatyfgroep Sterk Fries Museum' moat it legaat iepenbier wurde. Neffens Nijpels kin dat net, ûnder oare omdat der ek persoanlike dingen yn stean.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)