Oanriding tefoaren kommen

07 jan 2006 - 14:06

In frachtweinsjauffeur hat freed troch bot by te stjoeren in slimme oanriding mei in famke (13) út Twizel tefoaren komme kinnen. Dat barde yn Oldekerk yn Grinslân. It famke stuts flak foar de frachtauto de dyk oer.

Troch nei links te stjoeren kaam se net ûnder de frachtauto, mar waard se rekke troch de bûtenspegel. It famke wie yn Oldekerk te fytsen mei in freondintsje út Gruttegast. Yn it sikehûs die bliken dat har ferwûnings tafoelen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)