Muzykpriis foar Jacob Slagter

© Omrop Fryslân
Hoarnist en dirigint Jacob Slagter krijt It Gouden Fioeltsje. Dat is in Fryske kultuerpriis dy't ienris yn de trije jier útrikt wurdt. Slagter, Fries om utens, krijt de priis foar syn ynset foar it Fryske muzyklibben.
Slagter is al jierren earste hoarnist yn it Keninklik Konsertgebou Orkest. Ut en troch is er werom, lykas begjin dit jier mei it streektaalkonsert. Slagter krijt de priis by it nijjierskonsert fan it NNO, freed yn De Harmonie.