Scoutinggebou ôfbaarnd

07 jan 2006 - 13:25

It gebou fan de scouting fan Van Maasijk yn Oranjewâld is sneontemoarn betiid ôfbaarnd. It houten gebou stiet al 25 jier oan de Bienemaloane. It bestjoer fan de scouting sels tinkt dat der sprake is fan brânstifting.

Doe't de brânwacht oankaam, wie der al neat mear te rêden. De skea is likernôch in ton. It seizoen foar de tachtich paadfiners soe krekt begjinne. It bestjoer sprekt fan in grutte domper foar de scoutingclub.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)