Pelikaan 'terrorisearret' oaren

07 jan 2006 - 12:41

De pelikaan dy't yn Hylpen oanflean kaam, sit no yn in kampke mei siereinen en sierguozzen fan Jehannes Dikkes. Probleem is wol dat de oare bisten fjoerbenaud binne foar de pelikaan.

It bist lûkt in soad folk. Hylpers en oaren bringe fisk om de fûgel yn libben te hâlden. De jonge pelikaan is dizze hjerst fuortflein út bistetún Artis yn Amsterdam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)