Snoekbearsstreupers oppakt

© Omrop Fryslân
It Fiskstreuperijteam Fryslân hat freed twa snoekbearsstreupers oanhâlden op 'e Snitsermar mei 175 kilo fisk. Dat is al gau goed foar in 800 euro. De streupers wiene krekt dwaande de netten yn te heljen, doe 't de plysje mei de Algemiene Inspectiedienst kamen.
De fertochten woene útnaaie en smieten de trije netten oerboard. Dat hat lykwols net holpen, want de 500 meter oan netten binne wer fûn en de manlju binne oppakt.