Mishanneling yn Ljouwert

07 jan 2006 - 12:12

Yn in hoarekagelegenheid oan it Ruterskwartier yn Ljouwert is in freedtejûn in jonge (16) mishannele. De Ljouwerter waard fan achteren beetpakt troch in leeftydsgenoat yn it húske fan it kafee.

It slachtoffer hie in stikken gebit en in bloednoas. De plysje fûn by de arrestaasje twa blokjes hasj by de fertochte. Dy hat eefkes fêst sitten op it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)