Man mishannele yn Snits

© Omrop Fryslân
Yn Snits is freedtejûn in 25-jierrige man oanhâlden foar mishanneling. Hy soe in stedsgenoat fan 16 jier in klap tsjin de holle jûn hawwe yn de Kruzebroederstrjitte.
It slachtoffer hie fierders gjin slimme ferwûnings, mar syn bril wie wol stikken. Wat krekt de oanlieding foar de klap west hast, moat de plysje noch útsykje. Dêrfoar wurdt noch praat mei de belutsenen.