Tryater lûkt mear publyk
Toanielselskip Tryater hat in goed jubileumjier hân. Mei elkoar ha yn 2005 hast 62.500 minsken ien of meardere foarstellings fan Tryater sjoen. Dat binne der 6500 mear as yn 2004.
De jubileumfoarstelling Op en Delgong fan Lytse Fûgel wie mei 16.000 besikers de grutte pubykslûker. Tryater bestie ferline jier 40 jier.