Oernamekandidaten foar Enna

© Omrop Fryslân
Der ha har al twa oernamekandidaten melden by kurator Rotshuizen foar it fallite Enna Aerosols yn Dokkum. It spuitbussefabryk is tongersdei fallyt ferklearre. It fakbûn hie it fallisemint oanfrege om't de leanen net mear betelle waarden.
De kurator hat freed om 'e tafel sitten mei âld-direkteur Trost fan it bedriuw. Rotshuizen is net pessimistysk oer de takomst fan it bedriuw. Enna Aerosols kin foarearst trochdraaie mei 25 man.