FD wol jild liene fan de lêzers

© Omrop Fryslân
It Friesch Dagblad begjint mei in nije jildynsammelaksje ûnder de lêzers. De krante wol 4 ton liene fan de abonnees. Tongersdei waard op de ledegearkomste fan de krante it startsein jûn foar de aksje. Dêr waard ek grien ljocht jûn foar de ferkeap fan de gebouwen en de drukkerij fan de krante oan Hoekstra Boom yn Emmeloord en Meppel.
Hoekstra Boom wol in nije drukfabryk yn Fryslân bouwe dêr't it FD dan drukt wurde sil.