Wâlddyk-rintocht wer populêr

© Omrop Fryslân
Foar de Wâlddyk-rintocht fan dit jier binne al hast 1500 oanmeldingen binnen. Dat hat de organisaasje freed bekind makke. De tocht wurdt op 16 septimber fan dit jier hâlden. Dat wurdt dan de twadde kear.
De earste kear wie fjouwer jier lyn. Doe diene der sawat 4400 kuierders mei. De kuiertocht is sa'n 37 kilometer lang en giet troch de gemeenten Kollumerlân en Achtkarspelen.