Spuitsje tsjin fûgelgryp Aquazoo

06 jan 2006 - 16:27

Yn bistetún Aquazoo yn Ljouwert wurde freed alle 200 fûgels yninte tsjin de fûgelgryp. Mei de yninting wol de bistetún foarkomme dat de fûgels ophokt wurde moatte fanwege de sykte. It is foar it earst dat yn Aquazoo op grutte skaal yninte wurdt.

De fûgels moatte oer seis wiken op 'e nij in spuitsje fan de bistedokter. Dêrnei binne se in jier lang beskerme tsjin de gefaarlike fûgelgryp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)