'Faillisemint Enna grutte klap'

© Omrop Fryslân
It faillisemint fan spuitbussenfabryk Enna Aerosols yn Dokkum is in grutte klap foar de wurkgelegenheid yn de regio. Dat seit boargemaster Roel Cazemier fan de gemeente Dongeradiel. Foar it gemeentebestjoer kaam it faillysemint net ûnferwacht. Enna siet al langer yn de finansjele problemen. Al jierren hie de direksje spul mei de fakbûnen oer reorganisaasjeplannen.
Enna Aerosols hat in skuldenlêst fan 4,5 miljoen euro.