Sven Kramer twifelt oer EK

06 jan 2006 - 11:21
Foto: Omrop Fryslân

Reedrider Sven Kramer fan Aldskoat twifelt bot oer syn dielname oan it EK Allround yn Hamar. De blessure oan syn rêch spilet mear op as earder tocht waard. Kramer wol fit begjinne oan de Olympyske Spelen healwei febrewaris yn Turijn en dielname oan it Europeesk Kampioenskip takom wike soe yn dat ljocht net sa ferstannich wêze.

Tiisdei waard yn it sikehûs fan Swolle in MRI-scan makke. De dokters koene der neat bysûnders op sjen.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)