Bus mei treinreizgers fêst

© Omrop Fryslân
In bus fan Arriva hat tongersdei by Mantgum eefkes yn de berm fêstsitten. Yn de bus sieten sa'n 30 minsken dy't troch in stroomsteuring op de spoarline Ljouwert-Snits ferfangend ferfier krigen.
De sjauffeur woe keare doe't hy der efter kaam dat hy Mantgum foarby riden wie. By it kearen rekke de bus fêst. In boer hat mei syn trekker de bus wer út de berm riden. De bussjauffeur is doe trochgien nei it stasjon fan Snits.