SPH-oplieding werom by CHN

© Omrop Fryslân
De CHN tinkt wer begjinne te meien mei de oplieding Sosjaal Pedagogyske Helpferlining, SPH. Ferline jier maaie rekke de hegeskoalle de oplieding kwyt omdat guon saken net foldwaande regele wiene. Under oaren de wize fan beoardieljen fan studinten wie ûnder de maat.
De CHN hat de SPH-oplieding no op punten ferbettere en ferwachtet ynkoarten wer studinten ynskriuwe te kinnen.