Soargen oer nijbou Lekkum

05 jan 2006 - 16:14

De FNP Ljouwert makket him soargen oer de nijbou yn Lekkum. Achter de Buorren soene tolve nije wenten komme. Der wie in boerd delset as oankundiging, mar dat is no fuorthelle. Dêrfoar yn it plak is in nijenien pleatst mei 'Loads te hier'. It giet dan om in loads dy't al op it terrein stiet.

De Lekkumers wolle no witte hoe't it komt. Harren beswieren tsjin de nijbou bliuwe ek by de gemeente lizzen. De FNP easket no opheldering fan B en W.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)