Nije skipssloperij

© Omrop Fryslân
Recyclingbedriuw Reitsma út Koatstertille wol noch dit jier begjinne mei in skipssloperij. It bedriuw tinkt dat der yn it Noarden in soad ferlet fan is.
Foar de oanlis fan de helling, haven en kraan wurdt mear as in heal miljoen euro ynvesteard. Der soe plak wêze foar twa of trije nije wurknimmers. Reitsma moat de nedige fergunnings foar de skipssloperij noch krije.