FNV freget bankroet Enna oan

05 jan 2006 - 15:51

Fakbûn FNV freget tongersdei it fallisemint oan fan Enna Aerosols yn Dokkum. In soad meiwurkers hawwe noch gjin lean oer desimber krige. De kâns is grut dat it bankroet ek daliks útsprutsen wurdt, omdat dúdlik is dat it bedriuw net oan 'e ferplichtings foldwaan kin, sa tinkt it fakbûn.

As it bankroet trochgiet, wiist de fallisemintsrjochter in kurator oan dy't sizzenskip oer it spuitbussefabryk krijt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)