Flyers lizze út de beker

© Omrop Fryslân
De Vadeko Flyers hawwe woansdei de tredde en beslissende wedstryd yn de heale bekerfinale mei 2-3 fan de Amstel Tigers Amsterdam ferlern. Oant healwei de tredde perioade wiene der folop kânsen om de finale te heljen, mar doe't Amsterdam mei noch sân minuten op 2-3 kaam, wie it oer.
De iishockeyers fan de Flyers wisten twa kear in achterstân goed te meitsjen, mar yn de lêste minuten slagge it net mear om noch te skoaren.