VVD: skaf toeristebelesting ôf

© Omrop Fryslân
De VVD fynt dat Ljouwert gjin toeriste- belesting mear heffe moat. Krekt as brânsje-organisaasje Recron wol de VVD dat alle Nederlânske gemeenten ophâlde mei toeristebelesting. Reden foar de ôfskaffing binne de hege adminstrative kosten, sa fynt de VVD.
De gemeente Ljouwert fertsjinnet alle jierren in 70.000 euro smoarch mei de toeristebelesting. It gat yn de begrutting dat troch de ôfskaffing ûntstiet, moat kreatyf ynfold wurde.